Minyhantsjes
Minyhantsjes
minyfuotsjes
minymΓ»ltsje
minynoas
grut is 't lok
in maksywΓ»nder
poppeslokje
tsjoch en proast!
Minyhantsjes
minyfuotsjes
minymΓ»ltsje
minynoas
grut is 't lok
in maksywΓ»nder
poppeslokje
tsjoch en proast!
Njoggen moanne ien
no ΓΊs leave poppe
omearme yn leafde
No kinne wy it allegear mar leare
de fleskes en de pempers en it bad,
in waarme krΓΊk, de lekkentsjes opteare
fruithapkes, boerkes litte, dat is dat!
Aanst sille wy dy tΓ»zen ferskes leare,
wy krΓ»pe rolleboljend oer de flier.
Do silst al gau dyn earste wurdsjes sizze,
eart lekker koese, 't is noch net sa fier.
Sa lyts al
byld fan God
bisto foar ΓΊs
himel op ierde.
Sa lyts
sa tear
unyk
en safolle mear
Sa no en dan
fljocht der in ingeltsje
nei de ierde.
De wolken binne rΓ΄ze
it gers is blau,
oeral sweve ballonnen, oeral.
De hiele wide wrΓ’ld
leit iepen...
Nij libben
noch finzen
yn lytse lΓ»den
mar fannijs
belibje wy
it wΓ»nder.
Dach leave lytse poppe wiest der al?
Wat hawwe wy in skoft op dy wachte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke
De iene sei: ΓΊs poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sΓ»nder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dΓ»nset as in swel
De iene sei: ΓΊs bern dat wurdt in wΓ»nder
De oare sei: ik twifelje gjin tel!
De loft reint willetriennen
bΓ»nte blommen bloeie fris fan kleur.
De sinne pronket gouden strielen
en wy binne mei ΓΊs [---] alhiel yn 'e fleur
Onder de cadeautips staan nog 5 gedichten.
Do bist sa lyts sa leaf
wy fine dy in wΓ»nder,
no βtsto sa ticht by ΓΊs bist
wurdt alles hiel bysΓ»nder.
Doest noch nearne wiest
dreamden wy al fan dy.
In bern fan ΓΊs tegearre
de hiele wrΓ’ld waard nij!
Do makkest de wrΓ’ld sa ljocht,
sjochst wol hoe't de sinne laket?
Hark, yn 'e fierte spilet de fanfare,
minsken dΓ»nsje op 'e dyk en roppe:
Hoera - hoera foar de lytse poppe!
In wΓ»nder yn 'e widze
te moai om wier te wezen,
lekkentsjes mei kant,
reade wyn yn glΓͺzen.
Wy sjogge ΓΊs de eagen ΓΊt
wol tΓ»zen kear opnij
do bist ΓΊs eigen berntsje
wat binne wy wiis mei dy.
It liket by ΓΊs mar wakker skoan
de flagge hinget ΓΊt,
mei ballontsjes der oan.
RΓ΄ze of blau?
Jimme meie it witte
ΓΊs famke/jonkje sil [---] hjitte.