Fries geboortegedicht: ‘De iene sei:’
De iene sei: ús poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sûnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dûnset as in swel
De iene sei: ús bern dat wurdt in wûnder
De oare sei: ik twifelje gjin tel!
Vind je dit gedicht mooi? Geef het een hartje.
Meer fries gedichten
Hieltyd ha wy oan dy tocht
mei spanning dy ferwachte
Us ferwûndere, mar ek stilstien
by it tinken of alles goed gean soe
No bist der, in wûnder
unyk, en foar ús sa bysûnder
Wy binne God tankber foar dyn libben
want fia ús hat Hy dy foarm jûn
Dach leave lytse poppe wiest der al?
Wat hawwe wy in skoft op dy wachte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke
In wûnder yn 'e widze
te moai om wier te wezen,
lekkentsjes mei kant,
reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús de eagen út
wol tûzen kear opnij
do bist ús eigen berntsje
wat binne wy wiis mei dy.
-foar in twilling-
Yn elke earm in bern
4 hantsjes - 4 fuotsjes
alles der op en der oan!
Dit is in mirakel,
dit is net gewoan!