Fries geboortegedichtje: ‘Dach leave lytse poppe wiest der al’
Dach leave lytse poppe wiest der al?
Wat hawwe wy in skoft op dy wachte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke
Meer fries gedichten
Berte: fan it libben it begjin
Berte: fan it libben it begjin
in barren, dat nea gewoan wurde kin
In berntsje sa lyts, sa bysûnder
op 'e nij binne wy tankber foar dit wûnder
Do waardst op 'e wrâld brocht
Do waardst op 'e wrâld brocht
hiel lyts, kwetsber en sêft
do sykhellest, do gûlst en libbest
hoe grut is Hy dy 't ús dat jout
4 hantsjes - 4 fuotsjes
-foar in twilling-
Yn elke earm in bern
4 hantsjes - 4 fuotsjes
alles der op en der oan!
Dit is in mirakel,
dit is net gewoan!
Leave lytse poppe
Leave lytse poppe
wolkom yn 'e wrâld fan hjoed,
dyn eagen litte ús leauwe:
ea komt alles goed.