Fries geboortegedicht: ‘No kinne wy it allegear mar leare’
No kinne wy it allegear mar leare
de fleskes en de pempers en it bad,
in waarme krúk, de lekkentsjes opteare
fruithapkes, boerkes litte, dat is dat!
Aanst sille wy dy tûzen ferskes leare,
wy krûpe rolleboljend oer de flier.
Do silst al gau dyn earste wurdsjes sizze,
eart lekker koese, 't is noch net sa fier.
Meer fries gedichten
Krekt op'e wrâld
Krekt op'e wrâld
en net mear fuort te tinken
Noch o sa lyts
mar mei jimme derby
meie wij ûnderfine
wat echte rykdom is
Noch stil fan
Noch stil fan 't bertewûnder
sjogge wei nei ús berntsje, sa bysûnder
Dat har libben wêze mei as de sinne
mei waarmte, lok en leafde om har hinne
Stil wêze en belibje
Stil wêze en belibje
in minske
in bern
in nij libben
dierber en sa bysûnder
in grut Godswûnder
Lyts berntsje
Lyts berntsje
grut wûnder
Gods glimk
ús lok