Fries geboortegedicht: ‘Sa no en dan’
Sa no en dan
fljocht der in ingeltsje
nei de ierde.
De wolken binne rôze
it gers is blau,
oeral sweve ballonnen, oeral.
De hiele wide wrâld
leit iepen...
Meer fries gedichten
Foar in twilling
Foar in twilling
Twa oesters yn 't liif
Twa pearels yn 'e widze
Sjoch in nij libben
Sjoch in nij libben
en betink...
gjin minske kin ús dit jaan
it is in Godsgeskink
Bern, libje!
Bern, libje!
Mar sjoch troch alles hinne
dat teken fan trou: ik lit dy nea allinne
Dyn takomst is no krekt begûn
ek al hast al in stikje ferline.
Lytse holle yn myn hannen
Lytse holle yn myn hannen
minskebern nei moarn op wei
'k wol dy noedzje
op dy passe elke dei
mar groeie silsto, ús foarby
yn tiid en yn ferstân
bliuw derby fan ien ding wis:
skrean bist yn 'e palm fan Syn hân