Direct naar de inhoud

Geboortegedichten – pagina 130

De lytsten binne by Jo brocht

De lytsten binne by Jo brocht
Jo leafde hat se ryk betocht
Jo ha de earmen om har slein
en tsjin de grutte minsken sein

O minsken lit de berntsjes frij
fan alle kanten gean ta My
en kear se net, want earm of ryk,
foar sokken is it himelryk.

Bekijk

DΓͺr bist dan

DΓͺr bist dan
it libben kin begjinne!
Juster noch yn it tsjuster
hjoed yn 't folle ljocht,
wy tankje de Skepper
dy 't ΓΊs sa ryk betocht.

Bekijk

Dit libben

Dit libben,
sa pril.
Dit berntsje,
sa wolkom.
Hiel unyk,
hiel bysΓ»nder.
Us lyts leaf famke/jonkje,
God wat in wΓ»nder.

Bekijk

Do bist in bern as elkenien

Do bist in bern as elkenien,
foar ΓΊs bist hiel bysΓ»nder.
Yn wezen bisto hiel unyk
do bist gewoan in wΓ»nder.

Bekijk

In stille winsk

In stille winsk
waard in langstme nei dy.
Lyts minske
do hast hoop
yn lok feroare.

Bekijk

Leave lytse poppe

Leave lytse poppe
wolkom yn 'e wrΓ’ld fan hjoed,
dyn eagen litte ΓΊs leauwe:
ea komt alles goed.

Bekijk

Lyts en tear as fyn porslein

Lyts en tear as fyn porslein
is ΓΊs [---] yn 'e widze lein.
Wy fiele bliidskip yn ΓΊs hert
want grutter wΓ»nder is der net.

Bekijk

Lyts trappeljend libben

Lyts trappeljend libben
In prachtich minskje, fonkelnij
Ademloas, nijsgjirrich
Ferwolkomje wy dy

Bekijk

No β€˜tsto berne bist

No β€˜tsto berne bist
kinne wy mar net ophΓ’lde
nei dy te sjen.
Do bist sa moai
sa leaf
sa lyts.
Sokke leave hantsjes
dyn fingerkes
sykje om hΓ’ldfΓͺst.

Bekijk

No β€˜tsto berne bist

No β€˜tsto berne bist
kinne wy mar net ophΓ’lde
fan dy te hΓ’lden
Oan 'e kant
oan 'e kant
ik wol der ek graach by!
Hallo - hallo
hjir bin ik dan!
Wat fynst fan my?

Bekijk

Onder de cadeautips staan nog 5 gedichten.

Om ferwΓ»ndere nei te sjen

Om ferwΓ»ndere nei te sjen
ΓΊs ΓΊt leafde berne bern
kommen as elkenien
unyk as gjin oar

Bekijk

Tichteby

Tichteby
wiest noch sa fier.
No by ΓΊs
in earm fol lok.

Bekijk

Twa lytse fuotsjes

Twa lytse fuotsjes
dy fuotballen omraak.
Twa lytse hantsjes
dy klapten withoefaak.
Wat wiest in droktemakker
dyn mem dy waard hast sljocht,
ΓΊs eigen lytse [--]
einliks kaamst foar 't ljocht!

Bekijk

Út 'e skulp

Út 'e skulp
fan 't wetterwidske
makkest dy frij
en ΓΊs ryk:
pearelpoppe.

Bekijk

In foutsje, in hantsje

In foutsje, in hantsje
do bist ΓΊs lyts leaf mantsje
Ús bloedeigen soan
wat hawwe wy in soad foar dy oer hΓ’n
Njoggen moanne yn ’e bΓΊk
No leist dΓͺr tsjin dyn waarme krΓΊk
Wy kinne it noch hieltyd net leauwe
Wy sille altyd fan dy hΓ’lden bliuwe

Bekijk