Direct naar de inhoud

Geboortegedichten – pagina 132

Ik hâld fan dy,
Do hâldst fan my
Troch ús leafde
Komt der in lyts wûnderke by

Bekijk

In glimpke fan in ingel
naamst út de himel mei
in túfke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.

In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan flewiel.

Bekijk

Minyhantsjes
minyfuotsjes
minymûltsje
minynoas
grut is 't lok
in maksywûnder
poppeslokje
tsjoch en proast!

Bekijk

Njoggen moanne ien
no ús leave poppe
omearme yn leafde

Bekijk

No kinne wy it allegear mar leare
de fleskes en de pempers en it bad,
in waarme krúk, de lekkentsjes opteare
fruithapkes, boerkes litte, dat is dat!
Aanst sille wy dy tûzen ferskes leare,
wy krûpe rolleboljend oer de flier.
Do silst al gau dyn earste wurdsjes sizze,
eart lekker koese, 't is noch net sa fier.

Bekijk

Sa lyts al
byld fan God
bisto foar ús
himel op ierde.

Bekijk

Sa lyts
sa tear
unyk
en safolle mear

Bekijk

Sa no en dan
fljocht der in ingeltsje
nei de ierde.
De wolken binne rôze
it gers is blau,
oeral sweve ballonnen, oeral.
De hiele wide wrâld
leit iepen...

Bekijk

Nij libben
noch finzen
yn lytse lûden
mar fannijs
belibje wy
it wûnder.

Bekijk

Dach leave lytse poppe wiest der al?
Wat hawwe wy in skoft op dy wachte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke

Bekijk

De iene sei: ús poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sûnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dûnset as in swel
De iene sei: ús bern dat wurdt in wûnder
De oare sei: ik twifelje gjin tel!

Bekijk

De loft reint willetriennen
bûnte blommen bloeie fris fan kleur.
De sinne pronket gouden strielen
en wy binne mei ús [---] alhiel yn 'e fleur

Bekijk

Do bist sa lyts sa leaf
wy fine dy in wûnder,
no ‘tsto sa ticht by ús bist
wurdt alles hiel bysûnder.

Bekijk

Doest noch nearne wiest
dreamden wy al fan dy.
In bern fan ús tegearre
de hiele wrâld waard nij!

Bekijk

Do makkest de wrâld sa ljocht,
sjochst wol hoe't de sinne laket?
Hark, yn 'e fierte spilet de fanfare,
minsken dûnsje op 'e dyk en roppe:
Hoera - hoera foar de lytse poppe!

Bekijk

Bekijk ook