Net foar te stellen
sa bysûnder
nea fanselssprekkend
foar ús in wûnder
Korte geboortegedichten – pagina 71
De ien hie in famke tocht
in oar sei der wurd in jonkje brocht
gjin ien kin it fan te foaren witte
mar ik bin in jonge en sil Jelle hjitte
Leaf lyts berntsje
tear en bysûnder
bist foar ús in
hiel grut wûnder
Sjoch in nij libben
en betink...
gjin minske kin ús dit jaan
it is in Godsgeskink
Berte: fan it libben it begjin
in barren, dat nea gewoan wurde kin
In berntsje sa lyts, sa bysûnder
op 'e nij binne wy tankber foar dit wûnder
Safolle leafde yn dit wûnder
Safolle lok troch Him oan ús jûn
Safolle blydskip om 'n berntsje sa lyts
Safolle moais om tankber foar te wêzen
Do waardst op 'e wrâld brocht
hiel lyts, kwetsber en sêft
do sykhellest, do gûlst en libbest
hoe grut is Hy dy 't ús dat jout
Sa lyts datsto bist
sa grut is 't wûnder fan it libben
nimmen hat dy oant no ta kend
allinnich God, Hy hat dy oan ús jûn
Út ús leafde
Út ús dreamen
Út Gods hannen
Bisto kaam
Lyts berntsje
grut wûnder
Gods glimk
ús lok
Lyts trappeljend libben
In prachtich minskje fonkenij
Ademloas, nijsgjirrich
Ferwolkomje wy dy
In lyts wûnder
Samar yn ús hannen
Myn mem har liif is wer slonken
En no sitte hja mei my foar de skonken
Dus meitsje jimme mar klear
Want fan my hearre jimme noch folle mear
Wat in stik bûter yn 'e brij
wy hawwe der in jonkje/famke by!
Diel mei ús dit grutte lok
kom gau om in poppeslok.
Barre der noch wûnders, wurdt it lok noch fûn?
Do mei dyn teare lytse lûden hast ús it antwurd
jûn.