Fries geboortegedichtje: ‘Strielje as klear sinneskyn’
Strielje as klear sinneskyn
mei dyn bliere eachjes it libben yn
bring freonskip, leafde en nocht
dat elk bliid wurdt dy’t dy sjocht
Meer Friese geboortegedichtjes
Net foar te stellen
Net foar te stellen
sa bysûnder
nea fanselssprekkend
foar ús in wûnder
Leaf lyts berntsje
Leaf lyts berntsje
tear en bysûnder
bist foar ús in
hiel grut wûnder
Minyhantsjes
Minyhantsjes
minyfuotsjes
minymûltsje
minynoas
grut is 't lok
in maksywûnder
poppeslokje
tsjoch en proast!
No kinne wy it allegear mar leare
No kinne wy it allegear mar leare
de fleskes en de pempers en it bad,
in waarme krúk, de lekkentsjes opteare
fruithapkes, boerkes litte, dat is dat!
Aanst sille wy dy tûzen ferskes leare,
wy krûpe rolleboljend oer de flier.
Do silst al gau dyn earste wurdsjes sizze,
eart lekker koese, 't is noch net sa fier.