Fries geboortegedichtje: ‘De earste al op in bernefiets’
De earste al op in bernefiets
al is it noch een lyts mantsje
en hjir leit wer
dochs o sa lyts
de twadde in 't ledikantsje
Meer fries gedichten
In wûnder yn 'e widze
In wûnder yn 'e widze
te moai om wier te wezen,
lekkentsjes mei kant,
reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús de eagen út
wol tûzen kear opnij
do bist ús eigen berntsje
wat binne wy wiis mei dy.
Sjoch, ien foar ien
Sjoch, ien foar ien
driuwe rôze wolken
in blauwe himel temjitte.
Dêr boppe is it ljocht.
Leave lytse poppe
Leave lytse poppe
wolkom yn 'e wrâld fan hjoed,
dyn eagen litte ús leauwe:
ea komt alles goed.
Dit nije libben
Dit nije libben, in grut wûnder
In ferlangen, foar ús sa bysûnder
Heare, Skepper fan it libbensljocht
Tank dat Jo ús opnij ryk hawwe betocht