Fries geboortegedichtje: ‘Twa blauwe eagjes’
Twa blauwe eagjes
in kopke my swart hier
50 cm lingte, goed 7 poun swier
Meer Friese geboortegedichtjes
De earste al op in bernefiets
De earste al op in bernefiets
al is it noch een lyts mantsje
en hjir leit wer
dochs o sa lyts
de twadde in 't ledikantsje
In glimpke fan in ingel
In glimpke fan in ingel
naamst út de himel mei
in túfke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.
In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan flewiel.
Pakes, beppen, freonen, sibben
Pakes, beppen, freonen, sibben
yn it widske leit in nij libben.
Wy wolle it fan de dakken roppe:
wy ha in leave, lytse poppe!
Berne om in minske te wêzen
Berne om in minske te wêzen
hjir op dizze ierde
Berne om Gods winsk te wêzen
en wy meie dy liede