Fries geboortegedichtje: ‘Lok fynst yn it earste glimke’
Lok fynst yn it earste glimke fan dyn bern
Lok fynst yn 'e freegjende eagen dy nei dy
opsjen
Lok fynste yn it hantsje dat yn dines leit
Lok fynste yn dat iene wurd dat krekt alles seit
Meer fries gedichten
Sa no en dan
Sa no en dan
fljocht der in ingeltsje
nei de ierde.
De wolken binne rôze
it gers is blau,
oeral sweve ballonnen, oeral.
De hiele wide wrâld
leit iepen...
De iene sei:
De iene sei: ús poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sûnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dûnset as in swel
De iene sei: ús bern dat wurdt in wûnder
De oare sei: ik twifelje gjin tel!
It liket by ús mar wakker skoan
It liket by ús mar wakker skoan
de flagge hinget út,
mei ballontsjes der oan.
Rôze of blau?
Jimme meie it witte
ús famke/jonkje sil [---] hjitte.
Sjoch, ien foar ien
Sjoch, ien foar ien
driuwe rôze wolken
in blauwe himel temjitte.
Dêr boppe is it ljocht.