Direct naar de inhoud

Fries geboortegedichtje: ‘Wy winskje dy in libben fol frede’

Wy winskje dy in libben fol frede
Wy hoopje datsto de frede fine silst
tichtby en fierôf

Kort Fries

Meer fries gedichten

Bist al wekker, leave

Bist al wekker, leave? seit it ljocht
Wês wolkom, seit it libben
Beammen wiuwe in groetnis
Fûgels fluitsje dyn namme
O bern, wy binne wer bern mei dy
stap foar stap gean wy mei dy op 'en paad
Bern do joust ús betrouwen
O, datst uzes wêze meist
wat in rykdom

Bekijk

Dêr wie it dan safier

Dêr wie it dan safier
in lyts minskje oer de flier
lytse hantsjes, lytse earkes
in lyts kopke mei in mininoas
Wy binne yn 'e wolken
dat kin dochs net oars

Bekijk

In wûnder yn 'e widze

In wûnder yn 'e widze
te moai om wier te wezen,
lekkentsjes mei kant,
reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús de eagen út
wol tûzen kear opnij
do bist ús eigen berntsje
wat binne wy wiis mei dy.

Bekijk

In stille winsk

In stille winsk
waard in langstme nei dy.
Lyts minske
do hast hoop
yn lok feroare.

Bekijk