Direct naar de inhoud

Geboortegedichten – pagina 3

Dyn libben dat ús fan 't begjin ôf sa boeide
It lok dat stadich groeide
Wy wolle dy al safolle sizze
No 't wy dyn hantsjes yn ús hannen lizze
Do bist yn leafde oan ús tabetroud
Hy is it dy 't dy ús yn hannen jout

Bekijk

Dêr wie it dan safier
in lyts minskje oer de flier
lytse hantsjes, lytse earkes
in lyts kopke mei in mininoas
Wy binne yn 'e wolken
dat kin dochs net oars

Bekijk

Net foar te stellen
sa bysûnder
nea fanselssprekkend
foar ús in wûnder

Bekijk

Lok fynst yn it earste glimke fan dyn bern
Lok fynst yn 'e freegjende eagen dy nei dy
opsjen
Lok fynste yn it hantsje dat yn dines leit
Lok fynste yn dat iene wurd dat krekt alles seit

Bekijk

Efter de wolken skynt de sinne
dit nije libben is in hiel grut wûnder
It liket foar elts miskien hiel gewoan
mar foar ús bist do hiel bysûnder
Wy hawwe dy sa'n soad te sizzen
mar binne Gods wûnders út te lizzen?

Bekijk

De ien hie in famke tocht
in oar sei der wurd in jonkje brocht
gjin ien kin it fan te foaren witte
mar ik bin in jonge en sil Jelle hjitte

Bekijk

In twadde berntsje
in grutte winsk
in bertewûnder op 'e nij
In nij libben al sa hielendal minsk
wy binne och sa wiis mei dy

Bekijk

Leaf lyts berntsje
tear en bysûnder
bist foar ús in
hiel grut wûnder

Bekijk

Sjoch in nij libben
en betink...
gjin minske kin ús dit jaan
it is in Godsgeskink

Bekijk

Wolkom jonkje/famke
op dizze wrâld
wolkom jonkje/famke
kom d'r by
want op dizze grutte ierde
is ek in plakje foar dy

Bekijk

Berte: fan it libben it begjin
in barren, dat nea gewoan wurde kin
In berntsje sa lyts, sa bysûnder
op 'e nij binne wy tankber foar dit wûnder

Bekijk

Safolle leafde yn dit wûnder
Safolle lok troch Him oan ús jûn
Safolle blydskip om 'n berntsje sa lyts
Safolle moais om tankber foar te wêzen

Bekijk

Do waardst op 'e wrâld brocht
hiel lyts, kwetsber en sêft
do sykhellest, do gûlst en libbest
hoe grut is Hy dy 't ús dat jout

Bekijk

Sa lyts datsto bist
sa grut is 't wûnder fan it libben
nimmen hat dy oant no ta kend
allinnich God, Hy hat dy oan ús jûn

Bekijk

Leaf
Unyk
Lyts
Bysûnder
Gods wûnder

Bekijk

Bekijk ook