Fries geboortegedichtje: ‘Safolle leafde yn dit wûnder’
Safolle leafde yn dit wûnder
Safolle lok troch Him oan ús jûn
Safolle blydskip om 'n berntsje sa lyts
Safolle moais om tankber foar te wêzen
Meer Friese geboortegedichtjes
Bist al wekker, leave
Bist al wekker, leave? seit it ljocht
Wês wolkom, seit it libben
Beammen wiuwe in groetnis
Fûgels fluitsje dyn namme
O bern, wy binne wer bern mei dy
stap foar stap gean wy mei dy op 'en paad
Bern do joust ús betrouwen
O, datst uzes wêze meist
wat in rykdom
Dyn mem hat reade wangen
Dyn mem hat reade wangen
dyn heit springt yn 'e loft
dyn beppe is út de skroeven
dyn pake dy hâldt skoft.
Dyn broerke rint te sjongen
dyn suske laket blier
do bist ús nije poppe
einlings is 't sa fier!
Hjir ha wy lang op wachte
Hjir ha wy lang op wachte
einlings is it dan sa fier.
It lytse wûnder yn it widske
en dyn namme op papier.
Dit nije libben
Dit nije libben, in grut wûnder
In ferlangen, foar ús sa bysûnder
Heare, Skepper fan it libbensljocht
Tank dat Jo ús opnij ryk hawwe betocht