Fries geboortegedichtje: ‘Do waardst op 'e wrâld brocht’
Do waardst op 'e wrâld brocht
hiel lyts, kwetsber en sêft
do sykhellest, do gûlst en libbest
hoe grut is Hy dy 't ús dat jout
Meer fries gedichten
In wûnder bliuwt it sûnder mear
In wûnder bliuwt it sûnder mear
In lyts sûn jonkje, ek dizze kear
Hy sil heit en mem de hannen bine
Dy kinne har dêr wol yn fine
Mar it moaiste is foar my
Ik haw der in boarterskammeraat by
Tige lyts en dochs hiel grut
Tige lyts en dochs hiel grut
sa jong en dochs folslein
It bliuwt in ivich wûnder
'n wûnder sûnder ein...
Warleas en tear
Warleas en tear
kaamst foar 't ljocht
út dyn weagjende
skûlplak wei
Wy binn' sa wiis mei dy
Dit nije libben
Dit nije libben, in grut wûnder
In ferlangen, foar ús sa bysûnder
Heare, Skepper fan it libbensljocht
Tank dat Jo ús opnij ryk hawwe betocht