Fries geboortegedichtje: ‘Berte: fan it libben it begjin’
Berte: fan it libben it begjin
in barren, dat nea gewoan wurde kin
In berntsje sa lyts, sa bysûnder
op 'e nij binne wy tankber foar dit wûnder
Meer Friese geboortegedichtjes
Do makkest de wrâld sa ljocht
Do makkest de wrâld sa ljocht
Sjoch hoe't de sinne nei dy laket
In twadde berntsje
In twadde berntsje
in grutte winsk
in bertewûnder op 'e nij
In nij libben al sa hielendal minsk
wy binne och sa wiis mei dy
Sa no en dan
Sa no en dan
fljocht der in ingeltsje
nei de ierde.
De wolken binne rôze
it gers is blau,
oeral sweve ballonnen, oeral.
De hiele wide wrâld
leit iepen...
Jou oan
Jou oan har/him Jo segen, Hear,
en lit har/him libje ta Jo ear,
ús bern, as fûgels wif en faai,
wol om har/him tinke eltse dei.
Ien/twa/trije ha wy no op 'e noed
bewarje har/him foar ûnk en tsjoed,
dat alles, Heare jou gehoar,
liedt ta Jo, yn geanber spoar.
In nije leat oan de stamme,
int oan d' âlde staach
wolkom bern, hear dyn namme,
skik teplak yn eigen laach.
Dyn libbenswei begjint,
hoe lang en wêr hinne?
Nimmen wit hoe 't dyn reis ferrint.
Hâld hoek, bist net allinne.
Staat het er niet tussen?
Laat er een schrijven die precies past. Dit heb je al gekozen:
- Geboorte
- Fries
- Gedicht