It rekket jong
It rekket âld
It is en bliuwt
In wûnder yn ‘e wrâld
Geboortegedichten – pagina 134
Wêr wie har nije boarter dan
Ús [--broerke/suske] duorre it te lang
Wêr wie har nije boarter dan?
No bist dan dochs kommen
En sûn en wol út mem har búk wei klommen
De lytsten binne by Jo brocht
Jo leafde hat se ryk betocht
Jo ha de earmen om har slein
en tsjin de grutte minsken sein
O minsken lit de berntsjes frij
fan alle kanten gean ta My
en kear se net, want earm of ryk,
foar sokken is it himelryk.
Dêr bist dan
it libben kin begjinne!
Juster noch yn it tsjuster
hjoed yn 't folle ljocht,
wy tankje de Skepper
dy 't ús sa ryk betocht.
Dit libben,
sa pril.
Dit berntsje,
sa wolkom.
Hiel unyk,
hiel bysûnder.
Us lyts leaf famke/jonkje,
God wat in wûnder.
Do bist in bern as elkenien,
foar ús bist hiel bysûnder.
Yn wezen bisto hiel unyk
do bist gewoan in wûnder.
Hjir ha wy lang op wachte
einlings is it dan sa fier.
It lytse wûnder yn it widske
en dyn namme op papier.
Ik hâld fan dy,
Do hâldst fan my
Troch ús leafde
Komt der in lyts wûnderke by
In stille winsk
waard in langstme nei dy.
Lyts minske
do hast hoop
yn lok feroare.
Leave lytse poppe
wolkom yn 'e wrâld fan hjoed,
dyn eagen litte ús leauwe:
ea komt alles goed.
Lyts en tear as fyn porslein
is ús [---] yn 'e widze lein.
Wy fiele bliidskip yn ús hert
want grutter wûnder is der net.
Lyts trappeljend libben
In prachtich minskje, fonkelnij
Ademloas, nijsgjirrich
Ferwolkomje wy dy
No ‘tsto berne bist
kinne wy mar net ophâlde
nei dy te sjen.
Do bist sa moai
sa leaf
sa lyts.
Sokke leave hantsjes
dyn fingerkes
sykje om hâldfêst.
No ‘tsto berne bist
kinne wy mar net ophâlde
fan dy te hâlden
Oan 'e kant
oan 'e kant
ik wol der ek graach by!
Hallo - hallo
hjir bin ik dan!
Wat fynst fan my?
Om ferwûndere nei te sjen
ús út leafde berne bern
kommen as elkenien
unyk as gjin oar