Fries geboortegedichtje: ‘Wat in stik bûter yn 'e brij’
Wat in stik bûter yn 'e brij
wy hawwe der in jonkje/famke by!
Diel mei ús dit grutte lok
kom gau om in poppeslok.
Meer Friese geboortegedichtjes
De loft reint willetriennen
De loft reint willetriennen
bûnte blommen bloeie fris fan kleur.
De sinne pronket gouden strielen
en wy binne mei ús [---] alhiel yn 'e fleur
Dêr bist dan
Dêr bist dan
it libben kin begjinne!
Juster noch yn it tsjuster
hjoed yn 't folle ljocht,
wy tankje de Skepper
dy 't ús sa ryk betocht.
Twa lytse fuotsjes
Twa lytse fuotsjes
dy fuotballen omraak.
Twa lytse hantsjes
dy klapten withoefaak.
Wat wiest in droktemakker
dyn mem dy waard hast sljocht,
ús eigen lytse [--]
einliks kaamst foar 't ljocht!
Wy binne bliid
Wy binne bliid en wolle it hiel lûd roppe
Want wy hawwe wer in lytse poppe
Fansels bin ik it meast op’t skik
Want de grutste dat bliuw ik
Namme bruorke/suske
Staat het er niet tussen?
Laat er een schrijven die precies past. Dit heb je al gekozen:
- Geboorte
- Fries
- Gedicht