Fries geboortegedichtje: ‘Wy binne hjoed’
Wy binne hjoed
bliid en ferwûndere
want Hy joech ús
it grutste geskink:
in nij libben
Meer fries gedichten
Lyts berntsje
Lyts berntsje
grut wûnder
Gods glimk
ús lok
Dach leave lytse poppe wiest der al
Dach leave lytse poppe wiest der al?
Wat hawwe wy in skoft op dy wachte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke
In wûnder yn 'e widze
In wûnder yn 'e widze
te moai om wier te wezen,
lekkentsjes mei kant,
reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús de eagen út
wol tûzen kear opnij
do bist ús eigen berntsje
wat binne wy wiis mei dy.
It rekket jong
It rekket jong
It rekket âld
It is en bliuwt
In wûnder yn ‘e wrâld