Fries geboortegedichtje: ‘Leafde is in wûnder’
Leafde is in wûnder
Sjoch mar wat it docht
Nea kinne wy mear sûnder
Do bist ús gelok en ús ljocht
Meer Friese geboortegedichtjes
In grut wûnder
In grut wûnder
Foar sommigen gewoan
Foar ús tige bysûnder
Dyn mem hat reade wangen
Dyn mem hat reade wangen
dyn heit springt yn 'e loft
dyn beppe is út de skroeven
dyn pake dy hâldt skoft.
Dyn broerke rint te sjongen
dyn suske laket blier
do bist ús nije poppe
einlings is 't sa fier!
De iene sei:
De iene sei: ús poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sûnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dûnset as in swel
De iene sei: ús bern dat wurdt in wûnder
De oare sei: ik twifelje gjin tel!
Sa gewoan
Sa gewoan
en dochs bysûnder
it is en bliuwt
in hiel grut wûnder