Om ferwûndere nei te sjen
Om ferwûndere nei te sjen
ús út leafde berne bern
kommen as elkenien
unyk as gjin oar
Om ferwûndere nei te sjen
ús út leafde berne bern
kommen as elkenien
unyk as gjin oar
Tichteby
wiest noch sa fier.
No by ús
in earm fol lok.
Twa lytse fuotsjes
dy fuotballen omraak.
Twa lytse hantsjes
dy klapten withoefaak.
Wat wiest in droktemakker
dyn mem dy waard hast sljocht,
ús eigen lytse [--]
einliks kaamst foar 't ljocht!
Út 'e skulp
fan 't wetterwidske
makkest dy frij
en ús ryk:
pearelpoppe.