Fries geboortegedichtje: ‘Berne om in minske te wêzen’
Berne om in minske te wêzen
hjir op dizze ierde
Berne om Gods winsk te wêzen
en wy meie dy liede
Meer fries gedichten
Om stil fan te wurden
Om stil fan te wurden
om ferwûndere nei te sjen
in kostber stikje libben
wy tankje Him dat it kin
Lytse holle yn myn hannen
Lytse holle yn myn hannen
minskebern nei moarn op wei
'k wol dy noedzje
op dy passe elke dei
mar groeie silsto, ús foarby
yn tiid en yn ferstân
bliuw derby fan ien ding wis:
skrean bist yn 'e palm fan Syn hân
Sa lyts al
Sa lyts al
byld fan God
bisto foar ús
himel op ierde.
It liket by ús mar wakker skoan
It liket by ús mar wakker skoan
de flagge hinget út,
mei ballontsjes der oan.
Rôze of blau?
Jimme meie it witte
ús famke/jonkje sil [---] hjitte.