Fries geboortegedichtje: ‘Krekt op'e wrâld’
Krekt op'e wrâld
en net mear fuort te tinken
Noch o sa lyts
mar mei jimme derby
meie wij ûnderfine
wat echte rykdom is
Meer Friese geboortegedichtjes
Nei in lange spannende tiit
Nei in lange spannende tiit
binne wy no safolste bliid
Tankber fertelle wy
wy hawwe der in jonkje by
Foar in twilling
Foar in twilling
Twa oesters yn 't liif
Twa pearels yn 'e widze
Dyn mem hat reade wangen
Dyn mem hat reade wangen
dyn heit springt yn 'e loft
dyn beppe is út de skroeven
dyn pake dy hâldt skoft.
Dyn broerke rint te sjongen
dyn suske laket blier
do bist ús nije poppe
einlings is 't sa fier!
Doest noch nearne wiest
Doest noch nearne wiest
dreamden wy al fan dy.
In bern fan ús tegearre
de hiele wrâld waard nij!