Direct naar de inhoud

Fries geboortegedicht: ‘Bist al wekker, leave’

Bist al wekker, leave? seit it ljocht
Wês wolkom, seit it libben
Beammen wiuwe in groetnis
Fûgels fluitsje dyn namme
O bern, wy binne wer bern mei dy
stap foar stap gean wy mei dy op 'en paad
Bern do joust ús betrouwen
O, datst uzes wêze meist
wat in rykdom

Fries

Meer Friese geboortegedichtjes

Elts nij libben

Elts nij libben
is in nij wûnder
wat sûnder God
net barre koe

Bekijk

Nij libben

Nij libben
noch finzen
yn lytse lûden
mar fannijs
belibje wy
it wûnder.

Bekijk

Do bist in bern as elkenien

Do bist in bern as elkenien,
foar ús bist hiel bysûnder.
Yn wezen bisto hiel unyk
do bist gewoan in wûnder.

Bekijk

In foutsje, in hantsje

In foutsje, in hantsje
do bist ús lyts leaf mantsje
Ús bloedeigen soan
wat hawwe wy in soad foar dy oer hân
Njoggen moanne yn ’e búk
No leist dêr tsjin dyn waarme krúk
Wy kinne it noch hieltyd net leauwe
Wy sille altyd fan dy hâlden bliuwe

Bekijk