Direct naar de inhoud

Geboortegedichten – pagina 2

Wat in wûnder
in hertsje dat kloppet
in berntsje dat libbet
in kostber geskink
dat allinnich God ús
op Syn tiid jûn hat

Bekijk

Bist al wekker, leave? seit it ljocht
Wês wolkom, seit it libben
Beammen wiuwe in groetnis
Fûgels fluitsje dyn namme
O bern, wy binne wer bern mei dy
stap foar stap gean wy mei dy op 'en paad
Bern do joust ús betrouwen
O, datst uzes wêze meist
wat in rykdom

Bekijk

In grut wûnder
Foar sommigen gewoan
Foar ús tige bysûnder

Bekijk

In bertewûnder
wurden sizze net
wat wy no fiele

Bekijk

Nei in lange spannende tiit
binne wy no safolste bliid
Tankber fertelle wy
wy hawwe der in jonkje by

Bekijk

Twa blauwe eagjes
in kopke my swart hier
50 cm lingte, goed 7 poun swier

Bekijk

De earste al op in bernefiets
al is it noch een lyts mantsje
en hjir leit wer
dochs o sa lyts
de twadde in 't ledikantsje

Bekijk

Wy winskje dy in libben fol frede
Wy hoopje datsto de frede fine silst
tichtby en fierôf

Bekijk

Foar in twilling
Twa oesters yn 't liif
Twa pearels yn 'e widze

Bekijk

Sa tear
sa lyts
en beide sa bysûnder
Troch Him oan ús tabertroud
dit grutte wûnder

Bekijk

In nij libben
in nij begjin
sa bisto berne
út leafde
in wûnder is ûs skonken
troch Him

Bekijk

Noch stil fan 't bertewûnder
sjogge wei nei ús berntsje, sa bysûnder
Dat har libben wêze mei as de sinne
mei waarmte, lok en leafde om har hinne

Bekijk

Hieltyd ha wy oan dy tocht
mei spanning dy ferwachte
Us ferwûndere, mar ek stilstien
by it tinken of alles goed gean soe
No bist der, in wûnder
unyk, en foar ús sa bysûnder
Wy binne God tankber foar dyn libben
want fia ús hat Hy dy foarm jûn

Bekijk

Út leafde berne
tankje wy God
datsto leave...
tenei by ús hearre meist

Bekijk

Stil wêze en belibje
in minske
in bern
in nij libben
dierber en sa bysûnder
in grut Godswûnder

Bekijk

Bekijk ook