Fries geboortegedichtje: โLyts trappeljend libbenโ
Lyts trappeljend libben
In prachtich minskje fonkenij
Ademloas, nijsgjirrich
Ferwolkomje wy dy
Meer Friese geboortegedichtjes
Tige lyts en dochs hiel grut
Tige lyts en dochs hiel grut
sa jong en dochs folslein
It bliuwt in ivich wรปnder
'n wรปnder sรปnder ein...
De iene sei:
De iene sei: รบs poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sรปnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dรปnset as in swel
De iene sei: รบs bern dat wurdt in wรปnder
De oare sei: ik twifelje gjin tel!
Pakes, beppen, freonen, sibben
Pakes, beppen, freonen, sibben
yn it widske leit in nij libben.
Wy wolle it fan de dakken roppe:
wy ha in leave, lytse poppe!
Twa lytse fuotsjes
Twa lytse fuotsjes
dy fuotballen omraak.
Twa lytse hantsjes
dy klapten withoefaak.
Wat wiest in droktemakker
dyn mem dy waard hast sljocht,
รบs eigen lytse [--]
einliks kaamst foar 't ljocht!
Staat het er niet tussen?
Laat er een schrijven die precies past. Dit heb je al gekozen:
- Geboorte
- Fries
- Gedicht