In wûnder yn 'e widze
te moai om wier te wezen,
lekkentsjes mei kant,
reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús de eagen út
wol tûzen kear opnij
do bist ús eigen berntsje
wat binne wy wiis mei dy.
Geboortegedichten – pagina 6
It liket by ús mar wakker skoan
de flagge hinget út,
mei ballontsjes der oan.
Rôze of blau?
Jimme meie it witte
ús famke/jonkje sil [---] hjitte.
Jou oan har/him Jo segen, Hear,
en lit har/him libje ta Jo ear,
ús bern, as fûgels wif en faai,
wol om har/him tinke eltse dei.
Ien/twa/trije ha wy no op 'e noed
bewarje har/him foar ûnk en tsjoed,
dat alles, Heare jou gehoar,
liedt ta Jo, yn geanber spoar.
In nije leat oan de stamme,
int oan d' âlde staach
wolkom bern, hear dyn namme,
skik teplak yn eigen laach.
Dyn libbenswei begjint,
hoe lang en wêr hinne?
Nimmen wit hoe 't dyn reis ferrint.
Hâld hoek, bist net allinne.
Om stil fan te wurden,
om ferwûndere nei te sjen
Dit nije, kostbere libben
oan ús tabertoud
út leafde berne bern
Pakes, beppen, freonen, sibben
yn it widske leit in nij libben.
Wy wolle it fan de dakken roppe:
wy ha in leave, lytse poppe!
Sa gewoan
en dochs bysûnder
it is en bliuwt
in hiel grut wûnder
Sjoch, ien foar ien
driuwe rôze wolken
in blauwe himel temjitte.
Dêr boppe is it ljocht.
Strielje as klear sinneskyn
mei dyn bliere eachjes it libben yn
bring freonskip, leafde en nocht
dat elk bliid wurdt dy’t dy sjocht
Twa bliere eachjes
in mûltsje dat ropt
Hantsjes dy't gripe
in fuotsje dat skopt
Tank foar dit wûnder
sa lyts en sa tear
God is de makker
oan Jo is alle ear
Wolkom berntsje op 'e wrâld
wolkom, jonkje/famke kom der by,
want op dizze grutte ierde
is ek in plakje foar dy.
It boadskip fan dyn berte
giet de ierde rûn
ja, elk mei it wol witte,
ús famke is blieren sûn.
4 hantsjes - 4 fuotsjes
-foar in twilling-
Yn elke earm in bern
4 hantsjes - 4 fuotsjes
alles der op en der oan!
Dit is in mirakel,
dit is net gewoan!
In pear eachjes sjogge dy oan
In pear hantsjes gripe nei dyn hân
In leaf lyts famke/jonkje kosberder as goud
In twadde berntsje oan ús tabetroud
Berne om in minske te wêzen
hjir op dizze ierde
Berne om Gods winsk te wêzen
en wy meie dy liede
In nij libben, in nije wrâld
wy hawwe in lytse poppe!