Do waardst op 'e wrâld brocht
hiel lyts, kwetsber en sêft
do sykhellest, do gûlst en libbest
hoe grut is Hy dy 't ús dat jout
Friese geboortegedichtjes – pagina 3
Hjir ha wy lang op wachte
einlings is it dan sa fier.
It lytse wûnder yn it widske
en dyn namme op papier.
Ik hâld fan dy,
Do hâldst fan my
Troch ús leafde
Komt der in lyts wûnderke by
Sa lyts datsto bist
sa grut is 't wûnder fan it libben
nimmen hat dy oant no ta kend
allinnich God, Hy hat dy oan ús jûn
Út ús leafde
Út ús dreamen
Út Gods hannen
Bisto kaam
Lyts berntsje
grut wûnder
Gods glimk
ús lok
Lyts trappeljend libben
In prachtich minskje fonkenij
Ademloas, nijsgjirrich
Ferwolkomje wy dy
In lyts wûnder
Samar yn ús hannen
Myn mem har liif is wer slonken
En no sitte hja mei my foar de skonken
Dus meitsje jimme mar klear
Want fan my hearre jimme noch folle mear
Wat in stik bûter yn 'e brij
wy hawwe der in jonkje/famke by!
Diel mei ús dit grutte lok
kom gau om in poppeslok.
Fan stille streamen dreaun yn heinende
hannen; lyts libben, folslein minske.
Sa lyts
sa tear
unyk
en safolle mear
Njoggen moanne ien
no ús leave poppe
omearme yn leafde
Sa lyts al
byld fan God
bisto foar ús
himel op ierde.
Pakes, beppen, freonen, sibben
yn it widske leit in nij libben.
Wy wolle it fan de dakken roppe:
wy ha in leave, lytse poppe!