De lytsten binne by Jo brocht
Jo leafde hat se ryk betocht
Jo ha de earmen om har slein
en tsjin de grutte minsken sein
O minsken lit de berntsjes frij
fan alle kanten gean ta My
en kear se net, want earm of ryk,
foar sokken is it himelryk.
Friese geboortegedichtjes – pagina 3
Dêr bist dan
it libben kin begjinne!
Juster noch yn it tsjuster
hjoed yn 't folle ljocht,
wy tankje de Skepper
dy 't ús sa ryk betocht.
Dit libben,
sa pril.
Dit berntsje,
sa wolkom.
Hiel unyk,
hiel bysûnder.
Us lyts leaf famke/jonkje,
God wat in wûnder.
Wy winskje dy in libben fol frede
Wy hoopje datsto de frede fine silst
tichtby en fierôf
Foar in twilling
Twa nije libbentjes
dy giene groeien
Foar ús wie it in wûnder
dat begûn te bloeien
Elts nij libben
is in nij wûnder
wat sûnder God
net barre koe
Tige lyts en dochs hiel grut
sa jong en dochs folslein
It bliuwt in ivich wûnder
'n wûnder sûnder ein...
Berte... is as in dize yn 'e iere moarn
hoeden siket it in wei
Ynienen brekt de sinne troch
en begiint in nije dei
Sa steane wy by 't widske fan ús bern
stil nei dit Godsgeskink te sjen
It is gjin dream mar wurklikheid
Dit wûnder dat op 't kessen leit
Lyts en fyn, de wrâld leit foar dy iepen
Berne út leafde, kostberder as goud in leaf
lyts famke oan ús tabetroud
Foar in twilling
Twa oesters yn 't liif
Twa pearels yn 'e widze
Sa tear
sa lyts
en beide sa bysûnder
Troch Him oan ús tabertroud
dit grutte wûnder
In nij libben
in nij begjin
sa bisto berne
út leafde
in wûnder is ûs skonken
troch Him
Noch stil fan 't bertewûnder
sjogge wei nei ús berntsje, sa bysûnder
Dat har libben wêze mei as de sinne
mei waarmte, lok en leafde om har hinne
Om stil fan te wurden
om ferwûndere nei te sjen
in kostber stikje libben
wy tankje Him dat it kin